Operaasjes Nij Smellinghe no ek op sneon

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten sil dit wykein en takom wykein operaasjes útfiere op sneon. Dit docht it sikehûs om lange wachtlisten foar te kommen. Pasjinten fan de ôfdielings gynekology en urology kinne op sneon ûnder it mes, om't de wachtlisten hjir de ôfrûne tiid flink omheech gien binne. Ek pasjinten fan de radiology-ôfdieling kinne op jûntiid en yn it wykein foar MRI-ûndersyk delkomme.