Tewetterlitting Strobos lûkt soad publyk
Hûnderten minsken kamen freedtemiddei nei Strobos om tsjûge te wêzen fan de tewetterlitting fan de Marietje Nora. It 136 meter lange skip is it grutste skip dat ea boud is troch skipswerf Barkmeyer.
Eigener fan it nije skip is de famylje Danser van Gent út Delfsyl. It skip hat in pear miljoen euro koste.