Wettersportbeurs Boot Holland offisjeel iepene

06 feb 2015 - 15:04
  • Frits Wester krijt de earekoade
  • It seil wurdt omheech helle
  • De pommeranten

Deputearre Jannewietske de Vries hat freed offisjeel de 25e edysje fan Boot Holland yn it WTC yn Ljouwert iepene. Dit barde ûnder oare troch it omheech heljen fan de fok fan it Huzumer skûtsje en in presintaasje fan it Fryske Marreprojekt. Dat is op in pear projekten nei klear.

Fierder krige sjoernalist en boatsjeman Frits Wester de earekoade foar Waadseefarders út hannen fan boargemaster De Hoop fan It Amelân. It giet om de oanpaste koade fan 2007. Hjiryn steane in oantal regels dêr't toeristen har op it Waad oan hâlde moatte.

De organisaasje ferwacht de kommende dagen 40.000 besikers. De beurs rint oant en mei woansdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)