Mear as trije ton foar De Koornbeurs yn Frjentsjer

06 feb 2015 - 14:26
  • Gemeentehûs Frjentsjerteradiel

Teater De Koornbeurs yn Frjentsjer krijt noch in kâns. De gemeenteried is fan doel om 350.000 euro beskikber te stellen om it teater by de tiid te bringen. Der is yn totaal 440.000 euro foar nedich, mar De Koornbeurs moat sels in ton op it kleed lizze. Ien fan de rânebetingsten is wol dat der better letten wurde moat op de programmearring. No binne der noch tefolle grutte foarstellings dy't eins ek te djoer binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)