Narsingh wer net yn de basis by Cambuur

06 feb 2015 - 14:24

Furdjel Narsingh kin yn de útwedstriid fan Cambuur snein tsjin Feyenoord wer net yn de basis begjinne. Der wie hope dat de fleugeloanfaller hielendal hersteld wêze soe fan syn blessuere, mar dat blykt net it gefal te wêzen. Narsingh begjint op de bank. Erik Bakker hie lêst fan in ankelblessuere, mar neidat de spuit yn it gewricht setten is, binne de klachten oer. Trainer Henk de Jong tinkt nei oer it bestriden fan de fisyk sterke Feyenoord spits Kazim Richard. Etiënne Reijnen is skorst. Wa't him ferfange sil woe De Jong noch net sizze.

Trefwurden: 
fuotbal Ljouwert SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)