GGD freget minsken in moanne net te drinken

Tsjoch! © ANP XTRA
GGD Fryslân en Verslavingszorg Noard-Nederlân komme mei in kampanje om minsken boppe de 18 jier bewust te meitsjen fan de effekten fan alkohol. De partijen wolle safolle mooglik minsken útdaagje om 30 dagen lang gjin alkohol te drinken. Neffens de GGD fine minsken it hieltyd normaler om by gelegenheden in drankje te drinken. Dêrtroch tinke minsken minder nei oer alkohol en de effekten dêrfan.
De aksje fynt plak yn maart en hat de namme IKPAS krigen.