"Opnij problemen by Van der Aart yn Drachten"

De protestaksje yn Drachten by Van der Aart © Omrop Fryslân, Harm Weistra
Der soene opnij problemen wêze by transportbedriuw Van der Aart yn Drachten. Dat meldt Transport Online. De sjauffeurs hawwe allinnich in foarskot op it salaris krigen en wachtsje noch op it restant fan harren lean. Ek binne meiwurkers benaud dat Van der Aart hast fallyt giet, om't it bedriuw sûnt koart in leasekontrakt foar it materiaal sletten hat mei Roorda Internationaal Transport Services (RITS). Dizze ûndernimming hat sûnt in skoft sels ek in transportfergunning en soe dus sa it wurk fan Van der Aart oernimme kinne.
Van der Aart seit tsjinoer Transport Online dat der neat oan de hân is en dat meiwurkers freed it restant fan it salaris útbetelle krije.