Skoalle set kachel leger, learlingen dogge trui oan

Learlingen fan it Nordwin College yn Ljouwert hawwe freed in waarme trui oan. De kachel stiet dêr nammentlik in pear graden leger as oars. Dat dogge se, om't it freed 'Warme Truiendag' is. Dat is in lanlike aksje om it enerzjyferbrûk werom te bringen. Dat is better foar it miljeu. Learlingen fan it Nordwin College sjogge der sels op ta dat de kachel net stikem omheech set wurdt.