Ofslútdyk tsien wykeinen ticht foar alle ferkear

06 feb 2015 - 11:35

De Ofslútdyk moat tusken 2017 en 2021 tsien wykeinen ticht foar it ferkear. Reden is de opknapbeurt fan de Ofslútdyk. Der komme nije hefslûzen yn en de skutslûzen wurde renovearre. Om dit wurk goed útfiere te kinnen, binne grutte kranen nedich. Dy moatte op de dyk stean kinne. Rykswettersteat hat de ôfslutings besprutsen mei ûnder oaren de iepenbier ferfiersorganisaasjes, de feiligensregio en de transportsektor. Yn de rêst fan de jierren is ôfpraat dat der altyd minimaal ien rydbaan beskikber is foar it autoferkear.

Dochs is der fanút de transportsektor krityk op de wurkwize fan rykswettersteat. Keamerlid Aukje de Vries fan de VVD hat dêrom keamerfragen steld.

Trefwurden: 
ferkear Arriva Ofslútdyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)