Ien hûs fan miljoen ferkocht yn Fryslân

06 feb 2015 - 10:39

De gemiddelde keapsom fan in wente skommelet sterk. Dat docht bliken út sifers fan it kadaster oer 2014. Ien fan de goedkeapste gemeenten fan ús lân is It Bilt. Dêr rint de gemiddelde keapsom op nei sa'n 132.000 euro, en dat is minder as it jier dêrfoar. Yn Fryslân is ferline jier ien hûs ferkocht dat djoerder wie as ien miljoen. Dat wie in grutte wenbuorkerij yn Boarnsweach, dy't foar oardel milljoen fan 'e hân gie. Lanlik waarden der 500 huzen fan in miljoen ferkocht.

De djoerste huzen fan it lân stean yn Wassenaar: dêr kostet in wente gemiddeld 558.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)