Boetes foar fytsers en automobilisten yn Harns en Frjentsjer

© ANP XTRA
De plysje hat tongersdei 33 boetes útdield by ferkearskontrôles yn Harns en Frjentsjer. Op de Waddenpromenade en Kanaalwei yn Harns waarden benammen automobilisten betrape dy't de autogurdle net om hiene. Yn Frjentsjer hawwe tsien fytsers in bekeuring krigen foar ride sûnder ljocht. Ek krigen trije automobilisten in warskôging om't harren autoferljochting net goed wurke.