Beurs kwyt by berôving yn Ljouwert
In frou fan 19 jier út Ljouwert is tongersdeitejûn op de Hoekstersingel yn har wenplak berôve. Se rûn troch in steech nei de Olde Galileën doe't in man op in fyts besocht har tas te pakken. De tas skuorde wêrtroch de ynhâld op 'e grûn foel. De dieder is útnaaid mei de beurs fan de frou.