Omrop TIP: Oare Eagen oer wenjen en wurkjen

09 mrt 2015 - 07:59

Is it ferskil yn salaris tusken minsken mei in hege en in lege oplieding te grut. En moatte wurkleazen ferplicht frijwilligerswurk dwaan? Hoe sjogge de ferskillende generaasjes nei wenjen en wurkjen, wie it eartiids hiel oars as no?

Oare Eagen is te sjen fan moandei oant en mei freed om 16.50 oere op Omrop Fryslân Televyzje. Yn it programma nimme jongerein en âlderein earne yn Fryslân plak op de diskusjebank en jouwe se harren miening oer ferskate tema’s. Yn de sechsde ôflevering stiet it tema wenjen en wurkjen sintraal. Tinke jongelju echt oars as âldelju oer wenjen en wurkjen of binne dy ferskillen eins net sa grut?

Sjoch hjir no al nei de ôflevering fan dizze wike!

‘Us heit en mem meie by my wenje as se net mear op harsels wenje kinne’, is ien fan de stellingen fan dizze ôflevering. Wat is dyn miening dêr eins oer? Gean nei de Facebookside fan Omrop Fryslân, www.facebook.com/Omrop, en jou dyn miening!

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)