Middenfjilder Said Hassan nei Harkemase Boys

06 feb 2015 - 10:01

Fuotbalklup Harkemase Boys hat de earste fersterking foar it nije seizoen binnen. De 22-jierrige Said Hassan komt oer fan Drachtster Boys. Hy tekenet in kontrakt foar twa jier op De Harkema. Said Hassan is studint oan de oplieding foar gymlearaar, en is dwaande mei syn fyfde seizoen by Drachtster Boys. Hassan spilet op it middenfjild. Hy sjocht syn transfer nei Harkemase Boys as in goeie stap om him wer fierder te ûntwikkeljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)