Ljouwerter (88) oerfallen yn syn hûs

06 feb 2015 - 06:32
  • Ynbraak

In 87-jierrige allinnesteande man út Ljouwert is yn de nacht fan tongersdei op freed yn syn hûs oerfallen. De dieder kaam efkes foar midnacht de wenning oan de Siebe Schootstrastrjitte binnen. De fertochte bedrige it slachtoffer mei in mes. Hy hat ferskate kasten en laden iepenlutsen en oer de kop helle. De man is nei de oerfal útnaaid mei in horloazje en in ring. De plysje hâldt freed in buertûndersyk en siket ek noch tsjûgen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)