Ministearje stipet natuerlik buorkjen Fryslân
Steatssekretaris Sharon Dijksma fan Ekonomyske Saken stipet de Fryske syktocht nei wizen fan buorkjen dy't net allinnich goed binne foar de natuer, mar dy't ek betelber binne. Op in troch de provinsjes organisearre natuertop yn Soesterberg wie Dijksma tongersdei entûsjast oer it saneamde natuerynklusyf buorkjen. Dat waard presintearre troch boargerinisjatyf Kening fan de Greide en de provinsje Fryslân.
Earder kaam nei bûten dat organisaasjes lykas FrieslandCampina en it Wereld Natuur Fonds meiprate oer in proef troch Fryske boeren mei dat natuerynklusyf buorkjen. It ministearje is no ek oanskood seit deputearre Johannes Kramer. Hy naam yn Soesterberg mei de steatssekretaris de 100.000 hantekeningen yn ûntfangst fan de petysje "Red de Rijke Weide" fan de Fûgelbeskerming. Kramer sjocht dat as stipe foar it provinsjale greidefûgelbelied.