Polityk skokt troch misstannen yn de bou

05 feb 2015 - 17:06
  • Ekodukt

It ferkringen fan Fryske boufakkers by grutte provinsjale projekten as De Sintrale As troch 'finansjeel gesjoemel' is ûnakseptabel. Dat seit de steatefraksje fan de PvdA nei oanlieding fan it berjocht dat bûtenlânske meiwurkers fan De Sintrale As en it akwadukt by it Drachtsterplein ûnderbetelle wurde.

De PvdA is bot skrokken fan it berjocht dat dizze meiwurkers hûnderten euro's te min betelle krije. De partij hat ferantwurdlik deputeare Sietske Poepjes om opheldering frege.

Ek GrienLinks wol dat deputearre steaten de misstannen op de bouprojekten fluch oanpakt. De provinsje moat him neffens de partij ynsette foar it better neilibjen fan de CAO en oare wetlike regelingen. GrienLinks wol dat deputearre Sietske Poepjes de steaten op 18 febrewaris witte lit wat se dien hat om de problemen op te lossen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)