Undersyk nei misstannen by oanlis Sintrale As en akwadukt

Der komt in yngreven ûndersyk nei de misstannen yn de bou. Bûtenlanners, dy't as útstjoerkrêft ynset wurde by de oanlis fan de Sintrale As en it akwadukt by it Drachtsterplein, wurde ûnderbetelle. Dat seit fakbûn FNV Bouw. Tsientallen wurknimmers út ûnder oare Hongarije en Poalen soene in pear hûndert euro yn 'e wike te min krije, omdat it útstjoerburo de regels ûntdukt.
Oannimmer Heijmans seit lykwols dat alles neffens de regels giet. Opdrachtjouwer provinsje Fryslân wol no útsykje hokker partij gelyk hat.
Mocht dêrút blike dat der yndie misstannen binne, dan betsjut it dat Heijmans kontraktbreuk dien hat. Dat sil konsekwinsjes hawwe, sa seit ferkearsdeputearre Sietske Poepjes. Frou Poepjes seit it hiel belangryk te finen dat elts dy't oan ien fan de projekten meiwurket krijt dêr't er rjocht op hat. Ek by nije projekten wol de provinsje dêr skerp op tasjen.
Kolleezjepartij PvdA neamt it ûnderbeteljen fan bûtenlânske boufakkers 'ûnakseptabel'. De provinsje heart júst it foartou te nimmen yn maatskiplik ferantwurde ûndernimmen, sa seit de PvdA. De gedachte dat meiwurkers fan provinsjale projekten mooglik yn striid mei de regels ûnderbetelle wurde, neamt fraksjefoarsitter Remco van Maurik dan ek 'pynlik'.