MadNes Festival yn fjouwer dagen útferkocht

05 feb 2015 - 13:30

It MadNes Festival op It Amelân is binnen fjouwer dagen útferkocht. It festival bestiet út sport, kultuer en muzyk. It festival wurdt hâlden op it strân fan Nes.

Artysten dy't komme binne ûnder oare Bongo Botrako út Spanje, Talco út Italië en De Stokers. Sporten binne ûnder mear surfe, kajakke en skimboarding. Ek kinne besikers meidwaan oan karaoke en live painting. MadNes wurdt foar de achtste kear hâlden en is dit jier fan 3 oant en mei 5 july. It festival lûkt sa'n 3000 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)