Nij sosjaal plan foar meiwurkers jildtransporteur Brink's

De hûnderten meiwurkers fan Brink's hawwe in sosjaal plan. De fakbûnen hawwe in akkoart berikt mei de jildtransporteur. It is lykwols net slagge om de meiwurkers dy't dien krije, ûnder te bringen by oare jildtransporteurs. Dat wie in grutte winsk fan it personiel. Wol binne de pensjoenrjochten feilichsteld en binne de WW-rjochten folle better as earder.
Der ferdwine by Brink's hûnderten banen omdat it bedriuw de Rabobank ferliest as klant. By de fêstiging yn Drachten wurkje 60 minsken.