Direkteur Saskia Bak fuort by Fries Museum

05 feb 2015 - 11:15
  • Saskia Bak

Direkteur Saskia Bak giet fuort by it Fries Museum. Se hat in baan krigen as direkteur fan it Museum Arnhem. Se begjint dêr op 15 maaie. Under lieding fan de 50-jierrige Bak waard oardel jier lyn it nije Fries Museum oan it Saailân yn Ljouwert iepene. Sûnt dy tiid lûkt it museum dûbele besikersoantallen. Ek yn Arnhem sil se har dwaande hâlde mei de útwreiding fan it museum.

Bak waard yn 2009 direkteur fan it Fries Museum. Dêrfoar wie se al direksjelid. Earst fan it Fries Museum, letter ek fan Keramykmuseum Princessehof.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)