Glêdens op de Fryske diken troch sniebuien

05 feb 2015 - 06:38

It is tongersdeitemoarn pleatslik sjippeglêd yn de provinsje. Oarsaak binne sniebuien, dy't yn de rin fan de nacht oer de provinsje lutsen binne. Benammen it gebiet om De Lemmer en de Lauwersmar hinne hawwe oerlêst. Provinsjale wettersteat is tongersdeitemoarn mei 30 weinen op de Fryske diken aktyf om te skowen en te struien.

Rykswettersteat is mei 22 weinen de sneldiken op. Benammen woansdeitejûn let wienen noch problemen op de diken. Troch de wedstriden fan Hearrenfean en Cambuur wie der in soad ekstra ferkear. Dat hie lêst fan de snie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)