Boalsert en Warkum hâlde swimbaden

Der bliuwe swimbaden yn Warkum en Boalsert. Ek nei 2018. Mar hoe alles krekt komt is noch de fraach. Der wurdt neitocht oer de bou fan in nij swimbad yn Warkum en wat Boalsert oanbelanget wol de gemeente besykje troch te gean mei de kombinaasje Stifting ONS Zwembad en it bedriuw OptiSport. De wethâlder moat 377.000 euro besparje op de fjouwer swimbaden yn de gemeente.
By de behanneling fan it ûnderwerp troch de riedskommisje kamen woansdeitejûn in pear hûndert minsken nei it gemeentehûs. Der wiene tolve ynsprekkers.