Kuorballers LDODK pakke tredde winst op rige

LDODK pakte woansdeitejûn de tredde winst op rige yn de kuorbal league. De ploech út Terwispel en De Gordyk spile sûnder de skorste Erwin Zwart, mar wie yn Driebergen mei 24-19 te sterk foar Dalto. Healwei wie de stân 10-8 yn it foardiel fan LDODK. Under oanfiering fan André Zwart (9 goals) waard it ferskil yn it lêst makke.