Warehûs V&D djipper yn de problemen

04 feb 2015 - 22:16
  • V&D yn Ljouwert

Nei de eigeners fan de winkels fan V&D, stappe no ek de fakbûnen nei de rjochter tsjin it warehûs. Om wat te dwaan oan de finansjele problemen, wol it warehûs de leanen matigje en minder hier betelje oan de eigeners fan de winkels. Dêrneist waard woansdei bekend dat CB, it eardere Centraal Boekhuis, gjin boeken mear leveret oan V&D, lykas de BAS Group mei elektroanyske apparaten. V&D liket dêrmei djipper yn de problemen te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)