Hearrenfean rint yn de twadde helte oer Feyenoord hinne: 3-1

04 feb 2015 - 20:33
  • Sam Larsson

Sportklup Hearrenfean hat woansdeitejûn yn it eigen Abe Lenstrastadion mei 3-1 wûn fan Feyenoord. De Friezen kamen earst op efterstân troch in goal fan Colin Kazim-Richards, mar wisten koart foar rêst lyk te kommen nei in goal fan Simon Thern.

Nei de rêst gongen beide ploegen foar de winst, mar it wie Hearrenfean dat mei goed fuotbal wist te winnen. Sam Larsson skoarde twa kear tsjin de Rotterdammers. De earste kaam nei in fout fan keeper Kenneth Vermeer, de twadde nei in moaie counter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)