Noed oer nije wize fan it beteljen fan PGB-rekkens

04 feb 2015 - 16:26

Fryske soarchferlieners en PGB-hâlders meitsje har grutte soargen oft de rekkens wol op tiid betelle wurde. Sûnt 2015 regelet de Sociale Verzekeringsbank de administraasje fan PGB-aktiviteiten, mar dat rint noch hielendal net soepel. Op soarchbuorkerij Moai Seldum yn Oentsjerk komme sa'n 90 bern dy't tapaste soarch krije. Earder waarden de soarchrekkens betelle út it PGB-potsje dat beheard waard troch de âlden. Sûnt dit jier is dat net mear sa.

Steatssekretaris Van Rijn hat yntusken tasein dat minsken dy't rjocht hawwe op PGB har jild gau krije.

Trefwurden: 
soarchbuorkerij soarch PGB
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)