Reade tried: Ik doch net mei oan lotterijen

05 feb 2015 - 05:59

De Staatsloterij hat him fan 2000 oant 2008 skuldich makke oan mislieding, sa hat de Hege Ried bepaald. De lotterij joech gjin earlike ynformaasje oer ûnder oar de winkânsen en de hichte fan de prizen. Nei de útspraak hawwe tûzenen minsken har melden by de belangeklup Loterijverlies om harren ynlis werom te krijen. Earder wiene der rjochtsaken oer de Postcodeloterij. Neffens guon set dy minsken psychologysk ûnder druk om lotten te keapjen en rinne wykbewenners emosjonele skea op as de ien wol wint, en de oar net. Hâlde jo wol fan in gokje? Keapje jo wolris in lot, of sizze jo: ik doch net mei oan dy ûnsin, ik win dochs noait wat.

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)