Al hast 2.000 oanfragen foar .frl

nic.frl © NIC
Foar de ekstinsje .frl binne al hast 2.000 oanfragen dien. Nei de 100 pioniers dy't earder al in webside mei .frl krigen, is de Fryske domeinnamme sûnt moandeitemiddei foar elkenien beskikber. Minsken stienen doe al yn de rige.
Twa dagen letter docht bliken dat der aardich wat flecht op de koai is. Bedriuwen wolle har op dizze wize ûnderskiede mei de Fryske identiteit.