CDA-Europarlemintariër wol oer mûzeskea prate

Mûzegongen yn it lân by De Jouwer © Omrop Fryslân, Karen Bies
CDA-Europarlemintariër Annie Schrijer-Pierik komt freed nei De Jouwer om mei it Nederlânske Melkfeehâlders Fakbûn te praten oer de gefolgen fan de mûzeskea yn Fryslân. Se sil boppedat prate oer in oplossing foar it probleem.
Neffens Schrijer-Pierik is de mûzeskea in ramp foar de boeren en moat it regear mear aksje ûndernimme.