Alden fermiste Cuperus roppe tipjouwer op him te melden

De âlders fan de fermiste Sicco Cuperus fan Ljouwert roppe in anonime tipjouwer op him te melden. De ûnbekende hat it tv-programma Tros Vermist en de Ljouwerter Krante witte litten dat hy wit wêr't de fermiste man is. By de krante is yn jannewaris in brief binnenkaam dy't trochspile is oan de plysje. De 36-jierrige Sicco Cuperus dy't by de maresjesee wurke, is sûnt 7 juny spoarleas. In pear dagen letter waard syn auto by Marrum fûn. Syktochten ha neat opsmiten.