Sportief Knooppunt op De Jouwer offisjeel oerdroegen

Wethâlder Schouwerwou, boargemaster Aalberts en direkteur Braaksma © Gemeente De Fryske Marren
Boargemaster Arie Aalberts, wethâlder Janny Schouwerwou en direkteur Theunes Braaksma fan stichting De Stiennen Flier hawwe woansdei harren hantekening set ûnder it oerdrachtsdokumint fan it Sportief Knooppunt op De Jouwer. Dêrmei is de stichting no offisjeel hierder en eksploitant fan it sport- en swimkompleks.
Dit wykein wurdt it swimbad feestlik yn gebrûk naam. Yn maart kin ek it sporthalgedielte brûkt wurde troch de sportferienings en de skoallen.