Earste tsiis fan nije fabryk A-ware leit yn winkels

Goed twa moannen nei de start fan de produksje leit de tsiis út it nagelnije fabryk fan A-ware yn de winkels. Op 1 desimber kaam de earste molke by it fabryk op It Hearrenfean binnen. De dagen dêrnei is it produksjeproses begûn. De earste tsiis is no ripe ta 'jonge tsiis'. De bou fan it nije tsiisfabryk begûn yn maaie 2013 en hat 150 miljoen euro koste. Der wurkje sawat 200 minsken.
It fabryk draait noch mar op heale krêft, in twadde produksje foar it meitsjen fan tsiis is op 1 maart klear. Ek komt der noch in nije ferpakkingsôfdieling.
De molke foar it fabryk op It Hearrenfean komt fan 400 boeren dy't har oansletten hawwe by A-ware. Dat is foarearst genôch om it doel fan 100.000 ton tsiis yn it jier te heljen. Dy molke wurdt ek mei eigen frachtauto's ophelle. A-ware hat net in eigen merk tsiis, mar ferkeapet de tsiis bygelyks oan Albert Heijn, dy't dêr syn eigen merk op set.
It fabryk is fiergeand automatisearre. De heftrucks wurde bygelyks hielendal troch kompjûters bestjoerd. Op dit stuit soe it fabryk de modernste fan Europa wêze.