Fryske bedriuwen meitsje wenning foar mantelsoarch

03 feb 2015 - 21:32

Tsien Fryske bedriuwen sille gearwurkje om in nije mantelsoarchwente yn de merk te setten. It giet om in wente dy't krekt wat lúkser is as wat der no te krijen is. Sa wurdt de Fryske mantelsoarchwente enerzjyneutraal troch it gebrûk fan sinnepanielen en goede isolaasje. Ek moat it mear de útstrieling krije fan in echte wente.

Der hinget wol in priiskaartsje oan, want de wente moat tusken de 50 en de 60.000 euro kostje. De earste wente wurdt op dit stuit boud yn de loads fan Gommers Houtbouw yn Kollumersweach.

Op de beurs Huis en Tuin, oer in pear wiken yn Ljouwert is de wente foar it earst te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)