Boargemaster ferwachtet rêstich Hearrenfean-Feyenoord
Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean ferwachtet woansdei gjin problemen om de earedivyzjewedstriid Hearrenfean-Feyenoord hinne. Van der Zwan ferwachtet dat alle 950 Feyenoord-supporters op in rêstige manier it Abe Lenstrastadion berikke sille.
De supporters fan de klup út Rotterdam komme mei de auto nei It Hearrenfean ta. De helte hat in saneamde auto/komby-kaart. Earne ûnderweis fan Rotterdam nei It Hearrenfean krije sy in offisjele tagongskaart foar de wedstriid.
De oare helte hat in 'gold card' en mei by it stadion parkeare. Boargemaster Van der Zwan docht gjin fierdere meidielings oer de plysje-ynset by it duel.