Minister Hennis komt nei Marsum om lûdssituaasje te besjen

Jeanine Hennis-Plasschaert, minister fan definsje © ANP
Minister Hennis fan Definsje lit har oare wike moandei yn Marsum persoanlik ynformearje oer de lûdssituaasje yn de doarpen om de Ljouwerter fleanbasis hinne. De minister komt op besite op útnoeging fan omwenners.
Hennis krijt útlis oer hoe't it no is en oer de soargen dy't der libje oer de komst fan de F-35, oftewol de JSF en mooglik mear lûdsoerlêst. Dêrnei kuieret de minister troch Marsum om yn de swierst beleste huzen mei bewenners te praten. Ek krijt se it lûd te hearren fan in F-16-strieljager dy't boppe it doarp omheech giet.
By de besite binne ek fertsjintwurdigers fan fleanbasis Ljouwert, provinsje en gemeenten oanwêzich.