Otigba werom yn de basis; Veerman en Duarte by de seleksje

Kenneth Otigba keart woansdei yn de wedstriid tsjin Feyenoord werom yn de basis. De sintrale ferdediger waard troch coach Dwight Lodeweges op 'dissiplinêre reden' bûten de basis litten. Trochdat Otigba wer yn de basis stiet, sit Doke Schmidt op de bank.
Fan de trije nije spilers sitte Henk Veerman en Lerin Duarte by de seleksje, mar Van Koesveld noch net. De kâns is oanwêzich dat Duarte begjint, mar dêr woe Lodeweges noch neat oer kwyt. Mark Uth komt werom fan in skorsing.