Deade yn wetter by Ljouwerter Willemskade is ûngelok

03 feb 2015 - 16:04

De 33-jierrige Ljouwerter dy't sneon út it wetter by de Willemskade yn Ljouwert helle is, is dêr nei alle gedachten troch in ûngelok yn rekke. Dat hat de plysje konkludearre nei ûndersyk.

It stoflik omskot fan de man waard sneontemoarn fûn troch twa fiskers. Al gau wie dúdlik dat it om de 33-jierrige Ljouwerter gie. Sûnt tongersdeitenacht wie neat mear fan him fernaam. Freedtejûn waard hy troch famylje as fermist opjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)