SC Cambuur wol tsjin Vitesse it goede spul omsette yn punten

03 feb 2015 - 13:57

SC Cambuur nimt it woansdeitejûn yn it eigen stadion op tsjin Vitesse. It ferskil tusken beide ploegen op de ranglist is mar twa punten yn it foardiel fan de Ljouwerters. Cambuur krijt út de fuotbalwrâld in protte kompliminten foar it spul, allinne it smyt yn 2015 oant no ta temin punten op. De lêste training wie tiisdei besletten en dêrnei woe trainer Henk de Jong syn opstelling noch net bekend meitsje. Wol is dúdlik dat Michiel Hemmen en Furdjel Narsingh net ynsetber binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)