Finalisten duorsume boer-ferkiezing bekendmakke

Kij © Omrop Fryslân
De fiif finalisten foar de titel 'Meast duorsume jonge agraryske ûndernimmer fan Fryslân' binne bekend. De finalisten binne Lucas Westra út Aldemardum, Jan Syds Jensma út Aldebiltsyl, Sytse Gerritsma en Tiertsje Smink út Ealahuzen, Jan en Hanneke Jellema út Loaiïngea en Jaring Brunia út Raard.
Yn opdracht fan de provinsje Fryslân organisearje it Nordwin College en de Agraryske Jongeren Fryslân de ferkiezing. Mei de twajierlikse priis wol de provinsje duorsumens yn de agraryske sektor stimulearje.
De winner krijt tûzen euro en wurdt bepaald troch in faksjuery, dy't bestiet út fertsjintwurdigers út it agrarysk bedriuwslibben. Neist de faksjuerypriis is der ek in publykspriis. Fan 10 febrewaris ôf kin der stimd wurde op de webside duurzameboer.nl.
De winner wurdt begjin maart bekendmakke.