Folle mear jild te winnen by wedzjen op koersen yn Wolvegea

03 feb 2015 - 11:36

Der komt in grutte feroaring oan yn de drafsport en dan foaral yn it wedzjen op koersen. Fan 6 febrewaris ôf kinne wedders op de koersen fan Wolvegea meispylje om de prizepotten fan de Frânske wedorganisaasje PMU. It kontrakt hjirfoar is sletten tusken de drafbaan fan Wolvegea Victoria Park, de stichting Nederlandse Draf en Rensport NDR, de Nederlânske wedorganisaasje Runnerz en de Frânske toto-organisaasje PMU.

Grutste gefolch is dat der folle mear jild wûn wurde kin as oant no ta.

De bedoeling is om op dizze wize it wedzjen op hynders yn Nederlân wer oantreklik te meitsjen en in gruttere wedomset te generearjen. Uteinlik moat dêrtroch mear jild beskikber komme foar de drafsport yn Nederlân, dy't it al jierren swier hat. It giet foarearst om in proef fan tsien koersdagen op Wolvegea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)