Amsterdammer mei lutsen pistoal oanhâlden yn Ljouwert

© ANP
De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei mei lutsen pistoal in 25-jierrige Amsterdammer oanhâlden op de Weistrjitte yn Ljouwert. De plysje seach de man riden yn syn auto. By kontrôle fan it kenteken die bliken dat de bestjoerder mooglik in pistoal by him hawwe soe.
Ut foarsoarch waard de Amsterdammer mei lutsen pistoal út de auto helle. De plysje fûn gjin pistoal, mar wol kokaïne en softdrugs. Ek hie de man gjin rydbewiis. Tsjin de Amsterdammer is proses-ferbaal opmakke.