Fabryk De Vries Kozijnen op 'e Gordyk tsjin de flakte

De Vries Kezinen op 'e Gordyk © Google Streetview
Der is in sloopoanfraach yntsjinne foar timmerfabryk De Vries Kozijnen op 'e Gordyk. Dat befestiget regiomanager Martijn Slegers fan eigener Merin. Yn oerlis mei hierder Doorwin binne sy ta de konklúzje kaam dat de leechsteande gebouwen mear kostje as dat sy opsmite. Dêrom is it better om te slopen.
Wol bliuwt it kantoarpart stean. It timmerfabryk gie twa jier lyn fallyt. Der binne neffens Slegers noch gjin dúdlike takomstplannen foar it terrein.