3FM-dj's meitsje Fryske karnavalshit mei Zware Jongens

In fragmint út de klip mei yn de midden Coen en Sander © YouTube
Op radiostjoerder NPO 3FM is moandei de Fryske karnavalshit 'Maste Sjen' yn premjêre gien. It nûmer is makke troch de dj's Coen Swijnenberg en Sander Lantinga yn gearwurking mei it Fryske duo de Zware Jongens. Sjonger Fokko Dam fan de Zware Jongens wie live yn de Coen & Sander Show en joech de populêre radiopresintators in komplimint foar harren Frysk: "Petje af dat jullie een vreemde taal zo goed spreken".
Foar it karnavalsnûmer is ek in klip opnaam mei ûnder oare Voice-finalist Johannes Rypma en waarman Piet Paulusma.