Soad drokte by registraasje Fryske domeinnamme

In soad drokte moandeitemiddei by it Douwe Egberts kafee op it Saailân. Dêr koe fan twa oere ôf eltsenien dy't dat graach wol syn bedriuw of ynstelling op it ynternet registearje mei de Fryske domeinnamme .FRL. It inisjatyf foar in eigen dommeinnamme foar Fryslân komt fan de provinsje. Mar de útfiering is oernaam troch sakeman Henry de Jong. Hy hat ek in grutte reklamekampanje opset om .FRL bekend te meitsjen.
De earste organisaasje dy't him registrearre wie Fam to Fam, in Fryske stichting dy't him ynset foar de allerearmste bern yn Armenië.