Reade tried: "Ik wol de V&D net misse"

03 feb 2015 - 05:59

Jo hawwe der fêst it nedige fan meikrigen: it warehûs V & D sit yn grutte finansjele problemen. Om dêr wat oan te dwaan, wol de direksje fjouwer moannen gjin hier betelje en dêrnei in koarting fan 7 persint. Fierder wurdt fan it personiel frege om 6 persint lean yn te leverjen. Mar it is mar hielendal de fraach oft dat slagget. Guon saakkundigen sizze al dat in fallisemint de ienige opsje is. Mar wat soe it betsjutte as V & D ferdwynt. Krekt de ienige festiging yn Fryslân, liket noch altyd drok besocht te wurden. Mar ja... it is fansels de konsumint dy't beslist, troch wol of net wat yn de winkels fan V & D te keapjen.
De stelling dus: "Ik wol de V&D net misse"

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: readetried@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058 - 70 09 777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Reade tried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)