100 miljoen Amerikanen sjogge Doutzen yn reklame Super Bowl

02 feb 2015 - 16:21

Mear as 100 miljoen Amerikanen seagen moandeitenacht hoe't Doutzen Kroes it winnende punt makke by in potsje American Football mei kollega's. It topmodel fan Eastermar wie te sjen yn in reklamespot fan linzjerymerk Victoria's Secret by de finale fan de Super Bowl, de finale fan de American Football kompetysje.

De Super Bowl is it best besjoene sportevenemint fan Amearika. Ferline jier seagen 112 miljoen minsken nei de wedstriid, in tredde fan alle Amerikanen. De útstjoertiid yn de reklameblokken is dan ek krûddjoer, in spotsje fan 30 sekonden kostet 4,5 miljoen dollar. De reklame fan it lynzjerymerk duorret hast oardel minút en soe dan mear as 12 miljoen dollar kostje.

Yn it spotsje fan Victoria's Secret sjogge wy ûnder oare topmodellen Doutzen Kroes, Adriana Lima en Candice Swanepoel dizze kear net yn linzjery, mar yn in American Football-tenu. Sy spylje in potsje football tsjin mekoar. Doutzen makket mei rêchnûmer 28 úteinlik it winnende punt. Boadskip oan de ein fan de reklame is dat de mannen net ferjitte moatte in seksy setsje te keapjen foar Falentynsdei.

Besjoch hjir it reklamespotsje mei Doutzen Kroes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)