Noardeast-Fryslân set jeugdsoarch letterlik op 'e kaart

© Omrop Fryslân
Gemeenten yn Noardeast-Fryslân hawwe mei-inoar in kampanje op tou set om de jeugdsoarch ûnder de oandacht te bringen fan de ynwenners. Op It Amelân, Skiermûntseach, yn Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân wurdt hûs-oan-hûs in aansichtkaart besoarge mei dêrop Jesse. Hy stiet symboal foar alle bern yn de gemeenten en ropt minksen op om harren yn te setten foar de feiligens en sûnens fan bern.
As der wat mis is, moatte minsken dit melde by de gemeente, dy't sûnt begjin dit jier ferantwurdlik is foar de jeugdsoarch.
De gemeenten hawwe in webside opset. Op dizze webside binne ûnder oare adressen te finen fan ferskate soarchynstânsjes. Sa hoopje de gemeenten ynwenners te belûken by de jeugdsoarch.