Ungelokken troch glêdens op Fryske diken

In auto botste op it Alddiel yn Ljouwert tsjin in beam © Anton Kappers, Kappers Media
It wie moandeitemoarn sjippeglêd op guon binnendiken. It ferkear waard op ferskate plakken ferrast troch de glêdens. Op it Alddiel by Ljouwert botste in bestjoerder tsjin in beam. De auto belâne hast yn de sleat. De bestjoerder is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs brocht.
Op de Reinerswei by Grou rekke in auto fan de dyk en kaam yn de groppe telâne. De bestjoerder koe sels út de auto komme. Ek in soad fytsers gongen ûnderút. Yn it MCL yn Ljouwert melden har trije fytsers mei ferwûnings.