Jonges út Frjentsjer besykje mei falsk jild te beteljen

jild © Omrop Fryslân
Twa 19-jierrige jonges út Frjentsjer binne snein oanhâlden nei't se by in hoarekasaak yn Harns mei falsk jild betelje woene. Oan it begjin fan de jûn soe de earste 19-jierrige jonge syn bestelling mei falsk jild betelje. It personiel wegere en notearre it kenteken.
Twa oeren letter probearre ek de twadde 19-jierrige fertochte mei falsk jild te beteljen. Dit mislearre op 'e nij en ek syn kenteken waard trochjûn. Beide manlju koenen letter op de jûn oanhâlden wurde. Der waard gjin falsk jild fûn, mar harren telefoans binne yn beslach naam.